Springe nei ynhâld

Taylor Sheridan

Ut Wikipedy
Taylor Sheridan
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Taylor Sheridan
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 maaie 1970
berteplak Cranfills Gap (Teksas)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as senarioskriuwer, regisseur,
filmprodusint, akteur
bekenste
  produksje(s)
Sicario
Hell of High Water
Wind River
Yellowstone
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
Taylor Sheridan yn 'e IMDb

Taylor Sheridan (Cranfills Gap (Teksas), 21 maaie 1970) is in Amerikaansk senarioskriuwer, regisseur, filmprodusint, tillefyzjeprodusint en akteur. Hy wûn bekendheid as tillefyzje-akteur yn 'e rol fan David Hale yn 'e misdiesearje Sons of Anarchy. Fan 2010 ôf lei Sheridan him lykwols ta op in nij wurkpaad as de skriuwer fan senario's foar sawol films as tillefyzjesearjes. Foar it skript fan 'e film Sicario waard er nominearre foar in Writers Guild of America Award yn 'e kategory bêste orizjinele senario. Foar it skript fan 'e film Hell or High Water waard er nominearre foar in Oscar foar bêste orizjinele senario. Yn 2017 makke Sheridan syn debút as regisseur mei de neo-western Wind River. Neitiid wied er as senarioskriuwer, regisseur en produsint belutsen by it meitsjen fan 'e tige súksesfolle tillefyzjesearje Yellowstone en ferskate spin-offs dêrfan.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sheridan waard yn 1970 berne op in feehâlderijbedriuw yn Cranfills Gap, yn 'e Amerikaanske steat Teksas. Syn broer is de sjoernalist John Gibler. Hy groeide op yn earmoede; de húshâlding hie gjin tillefyzje of radio yn 'e hûs. Syn âldelju giene gauris yn 'e auto sitten om nei de autoradio te harkjen. As it boerebedriuw yn 'e iere 1990-er jierren úteinlik net oer de kop gien wie, soe Sheridan, sa seid er yn 2017 yn in fraachpetear, der grif noch altyd wenje en wurkje. Hy studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan Teksas en hie doe it gelok dat er opmurken waard troch in talintescout, dy't him de mooglikheid bea om nei Los Angeles te gean en in karriêre as akteur te begjinnen.

Sheridan begûn syn wurkpaad yn 1995 mei in gastrol yn 'e plysjesearje Walker, Texas Ranger. Letter hied er oare gastrollen yn û.m. de westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman mei Jane Seymour, de dramasearje Party of Five mei Neve Campbell, de aksjekomeedzjesearje V.I.P. mei Pamela Anderson, de plysjesearjes NYPD Blue, CSI: Crime Scene Investigation en CSI: New York en de science fiction-searje Star Trek: Enterprise. Yn 2005 bemachtige Sheridan in weromkearende rol yn 'e jeugddetektivesearje Veronica Mars. Hy briek troch as akteur mei de rol fan David Hale, dy't er fan 2008 oant en mei 2010 spile yn 'e misdiesearje Sons of Anarchy, oer in Amerikaanske motorbinde. Pas nei't er yn 2010 fjirtich jier wurden wie, stapte er oer fan aktearjen nei it skriuwen fan senario's.

As senarioskriuwer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It earste skript fan Sheridan dat ferfilme waard, resultearre yn 2015 yn 'e film Sicario, dy't regissearre waard troch de Frânske filmmakker Denis Villeneuve. De plot draait om 'e FBI-aginte Kate Macer (spile troch Emily Blunt), dy't tafoege wurdt oan in spesjale taakgroep fan 'e oerheid mei as doel om 'e lieder fan in machtich en ûnmeilydsum Meksikaansk drugskartel ûnder fuotten te heljen. Oare rollen yn 'e film waarden spile troch Josh Brolin en Benicio del Toro. Sicario waard mei loovjende kritiken ûnthelle en smiet Sheridan in nominaasje op foar in Writers Guild of America Award yn 'e kategory 'bêste orizjinele senario'.

Sheridan wie ek de auteur fan in skript mei de titel Comancheria. Hoewol't er dat nei Sicario skreau, waard it earder as Sicario ferkocht. It kaam lykwols fêst te sitten yn 'e preproduksjefaze en jierrenlang wie der gjin beweging yn te krijen. Uteinlik waard de film dochs makke, mar de titel waard feroare yn Hell or High Water. De film kaam yn 2016 út, mei yn 'e haadrollen Jeff Bridges, Chris Pine en Ben Foster, en waard mei noch mear lof ûnthelle as Sicario earder. Foar syn senario waard Sheridan û.m. nominearre foar in Writers Guild of America Award, in Saturn Award, in Independent Spirit Award, in BAFTA, in Golden Globe en in Oscar. Hell or High Water waard ek nominearre foar noch trije oare Oscars, wêrûnder dy yn 'e kategory bêste film.

As regisseur wie Sheridan yn 2011 foar it earst aktyf, yn it ramt fan 'e lowbudget-horrorfilm Vile. Sels fynt er lykwols dat Wind River, út 2017, syn debút as regisseur wie. Hy sei dêroer yn in fraachpetear: "In freon fan my brocht [...] tweintichtûzen [dollar] of sa byinoar, en caste syn maten, en skreau dy minne horrorfilm, dêr't ik him noch fan sei dat er net besykje moast om it te regissearjen. Hy soe it regissearje en produsearje en hy begûn dêrmei en rekke yn panyk, en skille my op en sei: 'Kinst my ek helpe?' Ik sei: 'Ja, ik sil it besykje.' Ik hold de boech fan it skip min ofte mear yn juste rjochting, en sy joegen har ôf om 'e montaazje te dwaan en makken derfan wat se derfan makken. Ik fyn it tefolle ear om my de regisseur te neamen. Ik leau dat er [dêrmei] op 'e iene of oare manear besocht om 'tankjewol' te sizzen. It wie in treflike kâns om 'e kamera yn 'e goeie rjochting te wizen en in stikmannich lessen te learen dêr't ik echt wat oan hie mei Wind River."

Sadwaande wie de neo-western Wind River, út 2017, Sheridan syn twadde projekt as regisseur, al sjocht er it sels as syn rezjydebút. Hy skreau foar de film ek it senario, nei eigen sizzen mei as doel om 'e kwestje fan it grutte tal fermiste en fermoarde lânseigen froulju yn Noard-Amearika ûnder de oandacht fan in breder publyk te bringen. De plot giet oer de moard op en ferkrêfting fan in jonge Yndiaanske frou yn it Wind River Yndianereservaat fan Wyoming, dy't in FBI-aginte (spile troch Elizabeth Olsen) en in spoarsiker fan 'e U.S. Fish and Wildlife Service (spile troch Jeremy Renner) tegearre besykje op te lossen. De film gie yn premiêre op it Sundance Filmfestival yn Utah. Op 'e nij wiene de kritiken loovjend (hoewol net sa loovjend as foar Hell or High Water), en Sheridan waard foar Wind River nominearre foar in Directors Guild of America Award yn 'e kategory 'treflik debút (langspylfilm)'.

Yn 2017 sette Sheridan ek útein mei de neo-westerntillefyzjesearje Yellowstone, oer it krewearjen fan grutboer John Dutton en syn bern om it wurk op in grutte ranch yn it moderne 'Wylde Westen' te beävensearjen en tagelyk fijannen dy't it op harren lân foarsjoen hawwe, op in ôfstân te hâlden. It earste seizoen fan 'e searje, mei filmstjer Kevin Costner yn 'e haadrol, waard op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd yn 2018 en 2019. Sheridan wie by de searje belutsen as senarioskriuwer, regisseur en produsint.

Anno 2023 rint Yellowstone fiif seizoenen. De searje is sa súksesfol dat der ferskate spin-offsearjes út fuortkommen binne. In prequelsearje mei as titel 1883 makke yn desimber 2021 syn debút fia de streamingtsjinst Paramount+. Sheridan wie dêrby belutsen as senarioskriuwer, regisseur en produsint. De rige folget it wol en wee fan 'e oerpake en -beppe fan John Dutton yn 1883, en de haadrollen waarden fertolke troch û.o. de bekende Hollywood-akteur Sam Elliott en countrysjongers Tim McGraw en Faith Hill. In oare prequelrige, 1923, waard fan desimber 2022 ôf útstjoerd. Dy searje, mei Helen Mirren en Harrison Ford yn 'e haadrollen, folget de pake en beppe fan John Dutton ûnder de Drûchlizzing yn de Feriene Steaten. In trêde prequelrige, 1944, is anno 2023 yn preproduksje.

In fjirde spin-off-rige, mei as titel 6666 (sprek út: Four Sixes), is ek yn preproduksje en sil yn 'e rin fan 2023 foar it earst útstjoerd wurde. Dy searje spilet yn 'e hjoeddeistige tiid en sil gean oer de Four Sixes Ranch yn Teksas, dêr't de Duttons yn seizoen 4 fan Yellowstone gedoente mei hawwe. Bass Reeves , ta einbeslút, is in spin-off-searje fan 1883, oer de U.S. marshal Bass Reeves. Foar dizze searje binne anno 2023 de opnamen úteinset.

Underwilens spile Sheridan yn 2018 de rol fan in oan 'e Noardlike Alliânsje yn Afganistan tafoege CIA-agint yn 'e oarlochsfilm 12 Strong en ek skreau er de senario's foar noch trije nije films. Dêrby giet it yn it foarste plak om it ferfolch op Sicario, mei as titel Sicario: Day of the Soldado, in film dy't regissearre waard troch de Italjaanske filmmakker Stefano Sollima, en dy't yn 2018 útkaam. Oard wie der de film Without Remorse, dy't yn 2021 yn premiêre gie. Datselde jiers kaam ek Those Who Wish Me Dead út, mei Angelina Jolie yn 'e haadrol, dêr't Sheridan behalven senarist ek regisseur en produsint fan wie. Dêrnjonken produsearre Sheridan fan 2019 ôf de realitytillefyzjesearje The Last Cowboy en makke er ek noch ferskate dramasearjes dy't net mei Yellowstone ferbûn wiene: Mayor of Kingstown, dat rint fan 2021 ôf, Tulsa King, dat rint fan 2022 ôf, Lioness, dat yn 2023 útkaam, en Land Man, dat anno 2023 noch yn preproduksje ferkeart.

Sheridan is sûnt 2013 troud mei aktrise en model Nicole Muirbrook. Se hawwe in soan en wenje (anno 2022) yn Weatherford, yn Teksas.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1995 Walker, Texas Ranger Vernon gastrol; ôfl. War Zone
1996 Her Costly Affair Chris tillefyzjefilm
1997 Dr. Quinn, Medicine Woman korporaal Winters gastrol; ôfl. A Matter of Conscience
1999 Party of Five resepsjonist gastrol; ôfl. Haunted
2000 Time of Your Life Connor gastrol; ôfl. The Time They Decided to Date
2001 V.I.P. Dave gastrol; ôfl. A.I. Highrise
2002 Strong Medicine Tucker gastrol; ôfl. Positive
2003 The Guardian Tim Dohanic gastrol; ôfl. Back in the Ring
2003 10-8: Officers on Duty skutter gastrol; ôfl. Brothers in Arms
2004 Star Trek: Enterprise Jareb gastrol; ôfl. Chosen Realm
2004 NYPD Blue Tim Lewis gastrol; ôfl. Old Yeller
2005 CSI: NY Joel Banks gastrol; ôfl. Supply & Demand
2005 CSI: Crime Scene Investigation   Evan Peters gastrol; ôfl. Secrets and Flies
2005–2007 Veronica Mars Danny Boyd weromkearende rol; 5 ôfl.
2008–2010 Sons of Anarchy David Hale fêste rol; 21 ôfl.
2011 NCIS: Los Angeles kaptein-op-see Jennings   gastrol; ôfl. Enemy Within
2018–2021 Yellowstone Travis Wheatley weromkearende rol yn seizoen 1–2, fêste rol yn seizoen 4; 57 ôfl.
2022 1883 Charles Goodnight weromkearende rol; 2 ôfl.
films
2003 White Rush Tug / Douglas
2016 Hell or Highwater cowboy cameo
2018 12 Strong CIA-agint "Brian"

As film- en tillefyzjemakker

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Filmografy as film- en tillefyzjemakker
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2011 Vile n.f.t. regisseur
2015 Sicario n.f.t. senarioskriuwer;
nom. Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario
2016 Hell or High Water cowboy cameo; senarioskriuwer;
nom. Oscar foar bêste orizjinele senario;
nom. Golden Globe foar bêste senario;
nom. BAFTA foar bêste orizjinele senario;
nom. Saturn Award foar bêste senario;
nom. Writers Guild of America Award foar bêste orizjinele senario;
nom. Independent Spirit Award foar bêste senario;
nom. Critics' Choice Award foar bêste orizjinele senario
2017 Wind River n.f.t. senarioskriuwer en regisseur;
nom. Directors Guild of America Award foar bêste earste spylfilmrezjy
2018 Sicario: Day of the Soldado   n.f.t. senarioskriuwer
2021 Without Remorse n.f.t. senarioskriuwer yn 'e mande mei Will Staples
2021 Those Who Wish Me Dead n.f.t. senarioskriuwer, regisseur en produsint
20?? Finestkind n.f.t. produsint; op dit stuit (febr. 2023) yn preproduksje
tillefyzje
2018–no Yellowstone Travis Wheatly senarioskriuwer, regisseur en produsint
2019–no The Last Cowboy n.f.t. realitytillefyzjesearje oer rodeocowboys; produsint
2021–no Mayor of Kingstown n.f.t. senarioskriuwer, regisseur en produsint
2021–2022 1883 Charles Goodnight   senarioskriuwer, regisseur en produsint
2022–no Tulsa King n.f.t. senarioskriuwer en produsint
2022–2023 1923 n.f.t. senarioskriuwer en produsint
2023 Lioness n.f.t. senariokskriuwer en produsint
20?? Bass Reeves n.f.t. senarioskriuwer, regisseur en produsint
20?? Land Man n.f.t. senarioskriuwer en produsint
20?? 1944 n.f.t. senarioskriuwer en ?
20?? 6666 n.f.t. senarioskriuwer en ?

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.